Oane Galama wint Gryptsjerk

17 maaie 2008 - 22:46
  • Oane Galama wint Gryptsjerk (foto Matin de Jong)
  • Anna-Jet Leijenaar fan Snits wie goed foar in skânsrekôr (foto Martin de Jong)

Oane Galama fan It Heidenskip ljepte sneontejûn it fierst yn de twadde wedstriid fan it seizoen yn Gryptsjerk. De winnende ôfstân: 18.77. Henk Schievink waard twadde mei 18.64, Ysbrand Galama tredde mei 18.26. By de froulju gong de deititel opnij nei Anna Jet Leyenaar fan Snits mei 15.05, in skânsrekôr.

By de junioaren sprongen twa fierder as 18 meter. Jacob Scherjon wûn mei 18.19, Alwin Fonk ljepte 18.07. Albert-Jan Venema wûn mei 15.77 by de jonges.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)