Oane Galama wint Fryslân Cup

21 aug 2013 - 21:04
  • Fierljepakkommodaasje Drylts

Oane Galama hat mei in ôfstân fan 19.50 de Fryslân Cup yn Drylts wûn. Yn dizze lêste fierljepwedstriid fan it seizoen yn Fryslân wie Age Hulder de grutte man. Hy wûn by de junioaren mei in skânsrekôr: 19.88. By de froulju gong de winst nei Frysk kampioene Klaske Nauta mei 15.27. Bobby Zwaagman wûn op de eigen skâns de titel by de jonges mei 17.36. De fjouwer winners fan Drylts waarden ek winner fan it klassemint fan de Gouden Rige 2013. Dat binne de sân fierljepklassikers op de sân akkommodaasjes fan it Frysk Ljeppers Boun.

Sneon is de lêste wedstriid fan it seizoen: it Nederlânsk kampioenskip yn Polsbroekerdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)