Oane Galama wint FK fierljeppen yn Winsum

08 aug 2015 - 16:30
  • Winners FK fierljeppen
  • Oane Galama
  • Hannes Scherjon yn aksje by in earder FK fierljeppen
  • Oane Galama op FK fierljeppen

Oane Galama fan Wiuwert hat it FK fierljeppen yn Winsum wûn mei in ôfstân fan 20.22. It is de earste kear dat er de Sulveren Pols wint. Hannes Scherjon waard twadde mei 20.15. Sânfâldich kampioen Bart Helmholt waard teloarstellend fiifde mei 19.48. Sytse Bokma pakte de titel by de junioaren mei in nij skânsrekôr fan 19.91. Jan Teade Nauta helle mei in pr fan 19.44 it twadde plak. Hiske Galama út Grins is foar de tredde kear kampioen wurden by de froulju mei 15.44. Klaske Nauta waard mei 15.26 twadde, Marrit van der Wal mei 15.10 tredde.

Maureen Poiesz fan Snits is kampioen wurden by de famkes mei 15.18 meter. Gerard Hooisma út Aldehaske is kampioen by de jonges mei 15.93.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)