Oane Galama wint fierljeppen nasjonale kompetysje

01 aug 2015 - 20:36
  • Oane Galama

Oane Galama hat yn Grypstsjerk de tredde wedstriid fan de nasjonale fierljepkompetysje wûn. Yn syn lêste sprong ljepte de klassemintslieder fan Fryslân 20.83. Bart Helmholt waard twadde mei 20.55, Hollanner Jaco de Groot tredde mei 20.33. By de froulju gong de winst nei Hollân. Dymphie van Rooijen wûn mei 15.24, foar Klaske Nauta mei 14.75 en Jessica Snoek mei 14.36. Freark Kramer wûn by de junioaren mei 17.55. Hy waard folge troch Ricardo Faaij mei 17.48 en Jan Teade Nauta mei 17.14.

Oane Galama, hy wûn ek de earste wedstriid yn Winsum, giet yn de tuskenstân oan de lieding. Bart Helmholt en Jaco de Groot stean twads en treds. By de foulju hat Klaske Nauta de lieding, mar it ferskil mei Marrit van der Wal en Dymphie van Rooijen is lyts. Freark Kramer, ek winner fan de twadde wedstriid yn Zegveld, hat de lieding by de junioaren. Jan Teadde Nauta is twadde, Ricardo Faaij tredde.

De fjirde en lêste wedstriid fan de nasjonale kompetysje is op sneon 29 augustus yn Polsbroekerdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)