Oane Galama wint fierljeppen

12 jul 2009 - 13:33
  • F.l.n.r.: Nard Brandsma, Albert Jan Venema, Anna Jet Leijenaar, Oane Galama (foto: Martin de Jong)

It fierljeppen op It Heidenskip is sneon by de senioaren wûn troch Oane Galama. Hy sprong op syn thússkâns in ôfstân fan 18,93 meter. Anna Jet Leijenaar fan Snits hat har eigen Frysk rekôr ferbettere mei tsien sintimeter. It rekôr stiet no op in ôfstân fan 15,80 meter.

Albert Jan Venema fan Feanwâlden ferbettere it skânsrekord mei in sprong fan 17,60 meter. It skânsrekôr stie op 17,53 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)