Oane Galama sterkste yn winerige nasjonale kompetysje

14 jun 2015 - 00:51
  • Oane Galama

Oane Galama hat de earste nasjonale fierljepkompetysjestriid yn Winsum wûn. Nettsjinsteande de hurde wyn kaam Galama ta 19.82. It twadde plak wie foar syn broer Ysbrand mei 19.01. Thewis Hobma waard tredde mei 18.96. Jaco de Groot út Woerden einige as fjirde (18.84) en Bart Helmholt waard sechsde (18.26).

Jan Teade Nauta wûn by de junioaren mei in pr fan 18.64, flak foar Ricardo Faaij út Haastrecht (18.63) en Freark Kramer (17.95). Dymphy van Rooijen wûn by de froulju mei 15.85, foar Marrit v.d. Wal (15.56) en Klaske Nauta (14.97).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)