Oane Galama en Marrit van der Wal winne keningsljeppen

18 jul 2015 - 23:09
  • De winners

Oane Galama, Marrit van der Wal en Folkert Veldstra ha yn Burgum de titels kening, keninginne en prins fan it fierljeppen wûn. By it keningsljeppen begjint de finale mei in skjinne list, de bêste sprong út de foarronde telt dan net mear mei. Galama ljepte earst 20.87 en yn de finale 20.48. Marrit van der Wal pakte mei 15.74 de titel by de froulju. Folkert Veldstra waard prins troch by de jonges 15.71 te ljeppen. Earder hie er al in pr fan 16.45 delsetten. Jos Bethlehem sprong foar it klassemint noch fierder, in pr fan 16.82.

By de froulju waard Klaske Nauta twadde mei 15.40.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)