Oandielhâlders stypje Cambuur

06 jan 2012 - 20:46
  • Cambuurfjild

Sportklup Cambuur kin dit seizoen sûnder finansjele swierrichheden ôfmeitsje. Der drige in gat te ûntstean fan in heal miljoen, mar in groep oandielhâlders lient dat bedrach oan de klup. Ek Ype Smid, foarsitter fan de ried fan kommissarissen, heart by dy groep. Mei de ferkeap fan sertifikaten hoopje de oandielhâlders harren jild werom te krijen.

Op de nijjiersresepsje fan Cambuur waard ek bekend makke dat de klup folgjend seizoen fierder wol mei Alfons Arts as trainer. Arts is dêr sels ek posityf oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)