Oandielen UPC fan de beurs

28 jan 2003 - 00:00

Telekombedriuw UPC wol de notearring oan de effektebeurs yn Amsterdam stilsette. De oandielen fan it kabelbedriuw binne hast neat mear wurdich. Dêrom wol UPS se gearfoegje ta nije effekten. Foar dy oandielen wurdt gjin notearring op it Damrak oanfrege.

Belizzers krije foar 555 oandielen UPC ien nij oandiel. It oandiel UPC ferdwynt nei alle gedachten ein maart fan de beurs yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)