Oandielen 'Polleke' net populêr

01 maaie 2002 - 00:00

De belangstelling foar oandielen fan 'e Friesland Bank yn 'e film Polleke falt ôf. Meiinoar binne 160 film-partisipaasjes ferkocht. De bank hie der op rekkene 200 partisipaasjes te ferkeapjen.

De ynskriuwingstermyn foar 'Polleke' is woansdei sletten. De ôffallende ferkeap is neffens wurdfierder Nooteboom gjin oanlieding fan 'e bank om op te hâlden mei film-partisipaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)