Oandielen foar 2e Kameleonfilm

01 des 2003 - 00:00

De produsinten fan de Schippers van de Kameleon sykje nije partisipanten foar in twadde Kameleonfilm. Minsken kinne foar 12,5 tûzen euro in oandiel keapje yn de film. Mei-elkoar kinne 147 minsken meidwaan. Mei dat jild kin de twadde film dan finansierd wurde.

De komst fan in twadde Kameleonfilm fan regisseur Steven de Jong is dêrmei wer in stapke tichterby. Kommende simmer binne de opnames, as der alteast genôch minsken in oandiel nimme yn de film.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)