Oandielen FBA nei Delta Lloyd

23 nov 2011 - 12:18

Delta Lloyd nimt in mearderheidsbelang yn it fersekeringsbedriuw fan de Friesland Bank. Dat betsjut dat de Fryske fersekerder fersekeringen ferkeapje sil foar Delta Lloyd. By it fersekeringsbedriuw fan de Fryske bank wurkje 123 minsken dy't foarearst har baan hâlde.

Bestjoerder Gert van Wakeren fan de Friesland Bank ferwachtet dat de tsjinstferliening oan klanten ferbettere wurdt troch de gearwurking mei Delta Lloyd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)