Oandielefoefke net oertsjûgjend

13 okt 2005 - 12:28

De steaten binne noch net oertsjûge fan it foefke fan de provinsje om de oandielen fan enerzjybedriuw NUON te fersulverjen. Deputearre steaten hawwe in konstruksje betocht, wêrby't gebrûk makke wurde kin fan it jild fan dy oandielen, foardat se ferkocht binne. Dat mei no noch net.

De provinsje hat in spesjaal bedriuw oprjochte, dêr't de oandielen ûnderbrocht wurde. Dat bedriuw lient dan wer jild oan de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)