Oanbieder stellen guod oppakt

01 jun 2014 - 10:39

De plysje hat sneon in 26-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it stellen en helen fan in bûtenboardmotor. Dy wie earder yn Harns stellen te keap oanbean fia ynternet. De plysje is in syktocht begûn nei de oanbieder en by de Ljouwerter útkaam. De bûtenboardmotor lei yn syn hûs. De man wurdt heard op it buro en krijt in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)