Oanbesteging N31 Harns los

07 jan 2014 - 17:23
  • De Keningsbrêge by Harns is no noch twabaans

De earste skeppe foar de oanlis fan de ferdjippe N-31 by Harns kin ein dit jier de grûn yn. Dat sei deputearre Poepjes tiisdeitemiddei by it offisjele begjin fan de oanbestegingsproseduere foar it wurk. Dy proseduere soe eins noch foar de kryst begjinne, mar waard útsteld. Dêrtroch wiene guon benaud dat it hiele wurk letter útfierd wurde soe, mar dat is perfoarst net sa, sa seit Poepjes.

Foar de simmer hopet sy bekend te meitsjen hokker oannimmer of oannimmerskombinaasje de klus krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)