Oanbesteging De Jouwer los

04 nov 2014 - 21:03
  • Knooppunt De Jouwer

De provinsje hat de oanbesteging fan it knooppunt by De Jouwer iepensteld. Oannimmers kinne har oanmelde foar it útfieren fan it wurk. Takom july wurdt bekend hokker oannimmer it wurk dwaan mei. It hat in skoft duorre foardat de oanbesteging útein sette koe. Neffens deputearre Sietske Poepjes hat dat benammen te krijen mei de ferheging troch de minister fan de snelheid fan 120 nei 130 kilometer yn de oere. It ûntwerp moast dêr op oanpast wurde.

De ferwachting is dat de oanlis desimber takom jier los kin, it wurk moat yn 2017 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)