Oan de slach by de Sluys

03 jun 2014 - 18:25
  • Dockumer Sluys

Nei jierren fan praten is der moandei lang om let úteinset mei de fernijing fan de Dockumer Sluys. It winkelsintrum en it parkearterrein oan de súdkant fan de stêd, binne al langere tiid oan in opknapbeurt ta. It gehiel sjocht der fertutearze út en lûkt tsjinwurdich gauris hingjeugd. It is de bedoeling dat it plein folslein fernijd wurdt, en dat it gebou in binnentún krijt. Yn 2017 moat it folsleine projekt klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)