Oaljeslachtoffers wer frij

03 feb 2011 - 16:54

Fiifentweintich mei oalje fersmoarge swannen en fyftich markels en einen binne tongersdeitemiddei troch De Fûgelpits fan Moddergat wer frijlitten. Dêr wiene se earder opfongen en wasken. De frijlitting wie yn it Lauwersmargebiet.

De swannen kamen ûnder de oalje nei in botsing tusken twa skippen op it Noardseekanaal by Amsterdam. De oare fûgels wienen slachtoffer fan fandalen dy't yn Deventer oalje yn in iiswek smiten hienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)