Oaljeslachtoffers skjinmakke

18 des 2007 - 12:12
  • De Fûgelpits
  • Foto: Argyf

De Fûgelpits is út ein set mei it skjinmeitsjen fan de oaljeslachtoffers dy't earder dizze moanne oanspielden. De santich fûgels waarden fûn op 'e strannen fan Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach. Wêr't de oalje weikomt is noch hieltyd net bekend.

De fûgels hawwe earst in wike oan 'e medisinen west. Se binne no sterk genôch om wasken te wurden. Dat bart mei de hân, want de waskmasine is stikken. Nije wike is it klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)