Oaljeramp treft ielfiskerij ek

04 jun 2010 - 11:55
  • Foto: Omrop Fryslân

Fryske ielfiskers krije oer twa jier flink lêst fan 'e oaljeramp yn 'e Golf fan Meksiko. Dat tinkt Freerk Visserman, ielfiskers yn Heech. De oalje is no al flakby de kust fan Floarida. Troch de golfstream rekket de Saragossasee fersmoarge en dat is de paaigrûn fan 'e iel.

Oer twa jier folle minder glêsiel Nederlân yn, sa is de ferwachting. Dat soe opnij in grutte strop wêze foar de ielfiskers. De fiskerij is ek al oan bannen lein troch it Ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)