'Oaljeloazings foaral nachts'

04 mrt 2013 - 12:10
  • Noardseestrân Flylân

As de sinne ûndergiet, begjinne de yllegale oaljeloazings op de skipfeartrûtes op de Noardsee. Dat seit misdie-ekononoom Ben Vollaard fan 'e Universiteit fan Tilburch. Hy hat ûndersyk dien nei dizze foarm fan miljeu-kriminaliteit. Neffens Vollaard is de pakkâns foaral nachts sa lyts dat it foar reders en kapteins oantreklik bliuwt om nachts te loazen.

Boppedat binne de boetes foar yllegale loazings yn Nederlân folle leger as yn oare Europeeske lannen. Yn syn rapport advisearret Vollaard de kustwacht om mear nachts te kontrolearjen.

Vollaard rûst dat op jierbasis wol in heal miljoen liter oalje nachts yllegaal op it Nederlânske part fan de Noardsee loasd wurdt. Ek boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân fynt dat de kontrôles ferbettere wurde moatte. Hy fynt it spitich dat Nederlân net better kontrolearret en sil hjir ek yn ynternasjonaal ferbân omtinken foar freegje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)