'Oaljekoeketest net serieus'

28 des 2011 - 12:02

Ciska Arjaans fan De Oliebollengigant yn Kollum nimt de jierlikse oaljekoeketest net serieus. De Oliebollengigant skoart dit jier min mei in 110de plak en it sifer nul. Mar de kream stie mei selde wurkwize en itselde produkt ek alris op it 23ste plak.

Frou Arjaans fynt je foar in goeie test net ien kear mar trije kear in meunster nimme moatte. Ek fynt se it net terjochte dat de krante waarme bakkers en oaljekoekekreamen fergeliket. It bakken fan oaljekoeken is in fak apart, sa seit se. De Oliebollengigant tinkt net folle lêst te hawwen fan it lege sifer.

De kream stiet al santjin jier yn Kollum en lûkt neffens frou Arjaans elts jier mear klanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)