Oaljekoekeskea Wurdum ûnbekend

31 des 2012 - 11:53
  • oaljekoeken mei bistjes

De brassband Looft den Heer út Wurdum wit noch net hoe grut de skea is fan it oaljekoekedrama fan ôfrûne wykein. Yn guon fan de oaljekoeken dy't de brassband ferkocht hie sieten lytse moalbistjes. It bestjoer is mei de bakker yn petear oer de ôfhanneling fan de skea. Minsken dy't dat wolle kinne de oaljekoeken ynleverje en krije it jild werom. Oant no ta binne der sa'n 50 pûden ynlevere.

De brassband wol takom jier gewoan wer oaljekoeken ferkeapje. Se hoopje dat de minsken der fertrouwen yn ha dat soks net wer barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)