Oaljekoeken foar goed doel

31 des 2009 - 06:57

Aldjiersdei is de dei foar it ferieningslibben om jild yn te sammeljen mei it bakken en ferkeapjen fan oaljekoeken. Rûnom yn de provinsje steane frijwilligers yn fuotbalkantines, skuorkes en keukens achter de hite oalje.

Yn Blauhûs wurdt der bakt foar de sportferienings yn it doarp. Yn Marsum wurdt bakt foar it korps Ons Genoegen. Yn Grou bakke se foar de fuotbalferiening, de oaljekoeken wurde sels ferkocht yn de supermerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)