Oaljekoeken foar boarterstún

30 des 2006 - 16:11

Yn Fryskepeallen bakke en ferkeapje se dit jier net samar oaljekoeken. Mei de opbringst moat de boarterstún oan de Lytse Leane opknapt wurde. De boarterstastellen binne al 17 jier âld en nedich oan ferfanging ta.

De ferkeap fan oaljebollen rûn sneon as it spoar en levere 800 euro op. Mei elkoar is der 21.000 euro nedich om de boarterstastellen te ferfangen. Ein 2007 moat de fernijde boarterstún klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)