Oaljekoeken dit jier min

28 des 2002 - 00:00

It is dit jier min steld mei de kwaliteit fan de oaljekoeken yn Nederlân. Dat docht bliken út de jierlikse test fan it Algemeen Dagblad. Mar achttjin fan de sechtich kreamen krije in foldwaande.

De bêste oaljebol fan Fryslân soe te finen wêze by Braaksma yn Oentsjerk. Dy krijt in 6,5. Oare Fryske kreamen komme der minder goed ôf mei wurdearringen as "net ferkeapber" en "goed om in keunstgebit mei fêst te setten."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)