Oaljekoekbakkers yn spanning

27 des 2013 - 17:10
  • Oaljekoek

It Algemien Deiblêd publisearret sneon wer wa't de bêste en de minste oaljekoekbakker is. Ferline jier hie bakker Vliegendehond fan Wolvegea noch de bêste oaljekoeken fan de provinsje. De fraach is oft dat dit jier wer sa is.

2012 wie lykwols in min jier foar bakker Jerry Dalstra. Hy stiet mei syn kream by de Praxis yn Ljouwert. Syn oaljekoeken waarden ferline jier noch in ekonomysk delikt neamd. Dit jier krige er fan it Bakkerij Centrum lykwols in 9 foar syn oaljekoeken, dus hy is benijd hoe't it AD syn produkt fynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)