Oaljefûgels oanspield op Skylge

18 des 2005 - 17:45

Der binne inkelde tsientallen oaljeslachtoffers oanspield op Skylge, it Amelân en de Fryske kust. It giet benammen om seekoeten en alken. De fûgels wurde opheind yn de Fûgelpits yn Moddergat. It is net dúdlik wêr't de oalje krekt weikomt. Fanwege de stoarm op see it dat op it stuit net te kontrolearjen.

Minsken dy't in oaljeslachtoffer fine kinne de fûgels nei de Fûgelpits bringe of de diere-ambulanse ynskeakelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)