Oaljefersmoarging yn kanaal nei brân yn Ljouwert falt ta

22 mrt 2016 - 22:49

De skea troch oalje yn it kanaal achter it metaalrecyclingbedriuw Van der Meulen yn Ljouwert dêr't tiisdeitemiddei in grutte brân wie, liket ta te fallen. Wetterskip Fryslân pleatste ûnder de brân in oaljeskerm om de fersprieding fan oalje tsjin te gean en dat hat holpen. Der lekt no noch wol hieltiid in bytsje diseloalje fia in drainearbuis fan it terrein yn it wetter, mar ek dat wurdt opfongen troch it skerm.

De brân by metaalrecycingbedriuw Van der Meulen ûntstie middeis yn in bulte isolaasjemateriaal, de oarsaak is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)