Oaljefersmoarging Burgum fuort

12 aug 2008 - 09:03
  • It oaljeskerm bliuwt om it baggerponton

De oaljefersmoarging troch it snein omsleine ponton op de Wide_Ie by Burgum is moandei sa goed as oprêden. Dat barde yn opdracht fan Wetterskip Fryslân. Der is in pear hûndert liter oalje frijkaam. Dêrfan is ek in part yn de reiden bedarre en dat koe net opromme wurde. It measte ferdampt wol.

Omwenners klagen sneintejûn al oer de oaljelucht. In bedriuw út Harns hat moandei de oalje tusken de oaljeskermen fuorthelle. It skerm om it ponton bliuwt oant it skip fuort is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)