'Oaljefantestalling' is populêr

13 feb 2001 - 12:06

Foar de saneamde oaljefantestallings op it Ljouwerter Saailân is in soad belangstelling. De grutte stielen arkades kinne fergees ôfhelle wurde. De gemeente hat al 39 oanfragen krigen.

Neist musea, bistetunen en restaurants dy't oanjoegen ynteresse te hawwen, binne ek út Frankryk en Poalen oanfragen yntsjinne. Foar freed kinne gadingmakkers har noch oppenearje foar de bôgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)