Oalje yn Strobosserttrekfeart

16 okt 2008 - 17:43
  • De Strobossertrekfeart (argyffoto)

Yn de Strobossertrekfeart by Gerkeskleaster is tongersdei oalje yn it wetter oantroffen. Wetterskip Fryslân hat oer in lingte fan sa'n 120 meter in oaljeskerm yn it wetter lein om fierdere fersmoarging foar te kommen.

De oalje komt út in stik fersmoarge grûn neist in damwand. De gemeente Achtkarspelen hat opdracht jûn de oalje fuort te heljen en docht ûndersyk nei grûnfersmoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)