Oalje yn PM-kanaal by Burgum

25 jan 2007 - 19:07

Op ferskate plakken yn Burgum hat it Wetterskip en de brânwacht tongersdei oalje út PM-kanaal helle.

Der is goed 200 liter oalje yn it wetter rûn. Hoe't it yn it wetter kaam is is net dúdlik. De brânwacht probearre mei oaljeskermen foar te kommen dat it spul by it gebiet tichtby de Burgumermar kaam. Omdat net dúdlik om hok foar oalje it giet, witte se by it wetterskip ek net hoe skealik it wêze kin foar de natoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)