Oalje yn Noardsee wurdt oprûme

08 jun 2006 - 14:55

Rykswettersteat giet tongersdei fierder mei it oprûmjen fan oalje op de Noardsee by Flylân. Woansdei waard op sa'n 20 km út de kust in oaljespoar oantroffen. It giet om in spoar fan 8 kilometer lang en 1 kilometer breed.

Wêr't de oalje weikomt, wurdt ûndersocht. It giet mooglik om in yllegale loazing. Sa't it no liket, rinne de Waadeilannen gjin gefaar. It skip Arca hat woansdeitejûn safolle mooglik oalje oprûme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)