Oalje op 'e Snitsermar

23 sep 2011 - 18:40

Op de Snitsermar by Terherne hat freedtemiddei in oaljeflek dreaun. Trije skippen, ien fan de provinsje en twa fan de brânwacht, binne ynset. Ek binne der oaljeskermen brûkt. De flek wie goed 100 by 100 meter.

Sa goed as alle oalje is yn de rin fan de dei en jûn út himsels oplost. In spesjalisearre bedriuw út Harns hat, wat der oerbleaun is, oprêden. Wa't ferantwurdlik is foar de fersmoarging is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)