NZA moat belutsen wurde by trochstart De Sionsberg

18 des 2014 - 21:07

De Nederlandse Zorgautoriteit moat belutsen wurde by de trochstart fan sikehûs De Sionsberg. In mearderheid yn de Twadde Keamer stimde tongersdei yn mei dizze moasje fan PvdA en VVD. Yn dy moasje wurdt ek soarchfersekerder De Friesland oproppen der alles oan te dwaan om goede soarch foar de regio te garandearjen, mooglik mei ynset fan in oerbrêgingskredyt.

De Keamer hat lykwols neat te sizzen oer De Friesland. Dochs is wethâlder Sicco Boorsma fan Dongeradiel bliid mei de moasje. Foaral it belûken fan de NZA by it proses is neffens him unyk.

Wol hie Boorsma leaver sjoen dat fierdergeande moasjes fan ûnder oare de SP it helle hienen. Dy partij woe dat de minister sels foar in oerbrêgingskredyt soargje soe. Sûnder sa'n kredyt moat der uterlik tusken 10 en 15 jannewaris in oplossing wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)