'Nynke' op grutte skaal útbrocht

17 aug 2001 - 00:00

De Fryske film 'Nynke' fan regisseur Pieter Verhoef wurdt op grutte skaal yn Nederlân útbrocht. Distributeur Universal Pictures is fan doel 42 kopieën út te bringen. Dat betsjut dat de film tagelyk yn de measte Fryske bioskopen te sjen is. Ek yn de grutte Nederlânske steden sil de film te sjen wêze.

De film oer Nynke van Hichtum giet op 5 septimber yn De Harmonie yn premjêre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)