Nynke Klopstra kampioen judo

25 nov 2001 - 00:00

Op it Nederlâns kampioenskip judo foar froulju hat Nynke Klopstra yn de klasse oant 48 kilo de Nederlânske titel bemachtige. It is de fjirde kear dat se Nederlâns kampioen is.

Yn de finale wûn se fan Patricia Kalsbeek, in tsjinstanner dêr't se foar de finale hielendal net benaud foar wie. De kampioenskippen waarden sneon hâlden yn Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)