Nynke Gijsen wint Frysktalige sjongfestival Sjong

12 apr 2015 - 13:20
  • Nynke Gijsen wint Sjong

It Frysktalige sjongfestival foar jongerein, Sjong, is wûn troch Nynke Gijsen (13). De sjuery wie te sprekken oer har prachtige stim, goede sjongkwaliteiten en natuerlike poadiumpresintaasje.

Nynke song har eigen Fryske oersetting fan ‘You’ve got a friend’ fan Carole King. Se pakte ek de tredde priis by de prizen foar de bêste Fryske songteksten. Nynke komt fan Heech en sit op it Bogerman yn Snits. Se wint de Johan Bloem Bokaal, de wikselpriis fan Sjong, en in optreden yn Noardewyn Live. It festival yn Sense yn Dokkum luts 250 besikers.

De twadde priis gong nei de band Kings of Diamonds mei Jelmer Braaksma (16), Thijs de Jong (16), Carlo Salakory (17), Mart de Jong (16) en sjongeres Jantine van der West (16). De band fan it Drachtster Lyseum die in cover fan Queen. Der wienen twa tredde prizen, foar it duo Syta & Marije en solist Jente Semplonius.

Winner foar de bêste songtekst wie Ilja Dijk (17) (Liudger Raai Drachten) mei ‘Dizze Wrâld’, in tekst op it nûmer ‘Beautiful’ fan Christina Aguilera. Marije Brouwer (17) gong nei hûs mei de Sjong YouTube-priis. Har klip ‘Fyn dyn eigen wei’ fan Sjong 2013 waard mear as 4.500 kear besjoen op YouTube.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)