Nynke Eringa tsjinnet klacht yn

07 sep 2001 - 00:00

Trou-amtner frou Eringa fan Ljouwert hat in klacht yntsjinne by de kommisje gelikense behanneling. Sy fynt it ferkeard dat Ljouwert har kontrakt net ferlingt, omdat se gjin homohouliken slute wol.

Nynke Eringa hat gewissensbeswieren tsjin it homohoulik. Neffens de gemeente Ljouwert moat frou Eringa har gewoan oan de wet hâlde. De kommisje docht oan 'e ein fan dit jier útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)