Nynke de Jong kin wer race

24 aug 2001 - 00:00

Gersbaantalint Nynke de Jong (18) fan Bûtenpost hat wer in motor en in sponsor. De Jong liedt op dit stuit de kompetysje foar it Nederlânsk kampioenskip. It ôfrûne wykein, nei de oerwinning yn Eenrum, liet har sponsor har falle sûnder dat dúdlik waard wêrom.

In bedriuw út Mearum sil tenei optrede as sponsor. De Jong sil snein op in nije motor útkomme yn Siddeburen(Grinslân).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)