'Nynke' begjint útlienservice

08 sep 2004 - 12:11

Service-organisaasje Nynke begjint mei in eigen fergese útlienservice foar alle ynwenners fan Fryslân. Yn gearwurking mei in bedriuw yn revalidaasjetechnyk lient Nynke tenei alle mooglike revalidaasje-helpmiddels út oan de klanten.

Helpmiddels kinne by need ek nachts besoarge wurde. 'Nynke' is in inisjatyf fan Soarchgroep Noorderbreedte en jout advys en stipe by allerhanne saken dy't te krijen ha mei âlder wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)