Nylânsdyk ticht yn spits

10 sep 2007 - 16:24

De Nylânsdyk tusken Boksum en Ljouwert wurdt yn de spits ôfsluten foar ferkear. De gemeenten Menameradiel en Ljouwert nimme dizze maatregel om it slûpferkear tusken Boksum en Ljouwert tsjin te gean.

Tusken de Nylânsdyk en de Boksumerdyk komme ferkearbuorden dêr't op stiet dat it ferkear yn de spits der net ride mei. De beheining jildt fan moarns 7 oant 9 oere en middeis fan 4 oant 6 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)