Nyk de Vries skriuwt yn Afrika

21 jan 2008 - 10:58
  • Nyk de Vries (rjochts op de foto) wurket yn Afrika oan syn nije roman

De Fryske skriuwer en muzikant Nyk de Vries sit trije moannen yn it Afrikaanse Malawi. Dêr sil er wurkje oan syn nije roman Renger. Hy hat ûnderdak by in Nederlânsk gesin dat dêr wurket. Hy ken dy famylje út Grins, de stêd dêr't Nyk de Vries wennet. It boek moat dit jier noch ferskine.

Earder skreau Nyk de Vries de romans Rezineknyn en Prospero. Beide boeken ferskynden ek yn it Nederlânsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)