Nyk de Vries makket lêste ultrakoarte ferhaal

05 apr 2015 - 12:00

Skriuwer Nyk de Vries hat de ôfrûne twa-en-in-healjier wykliks ultrakoarte ferhalen foar Omrop Fryslân makke. Peaskesnein 5 april wie syn lêste ferhaal te hearren yn it programma Buro de Vries.

De skriuwer, dy't oarspronklik fan Noardburgum komt, sil him de kommende moannen talizze op it klearmeitsjen fan syn nije roman 'Renger'. It boek giet oer syn heit dy't boufakker wie en frijwat sunich libbe, in ûnderwerp dat ek yn tal fan 'e radioferhalen al oan 'e oarder kaam. De roman sil ferskine yn it neijier, yn it Nederlânsk en Frysk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)