Nyegea krijt einehotel

15 jan 2010 - 08:04

Der binne plannen foar in einehotel yn it haventsje fan Nyegea. It driuwende hok moat in skûlplak foarmje foar de fjirtich oant fyftich einen dy't it haventsje sitte. It plan komt fan de pleatslike fûgelwacht en doarpsbelang. Dy hawwe fan de gemeente Smellingerlân jild krigen foar de realisaasje.

It eardere plan foar in fontein yn de haven waard ôfkard troch de gemeente, omdat it tefolle enerzjy kostet. It einehotel krijt mooglik de foarm fan de tsjerke by de haven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)