NVWA slút twa sammelsintra foar skiep

27 mrt 2015 - 14:01

De Nederlânske Voedsel en Warenautoriteit NVWA hat de fergunnings fan twa sammelsintra foar skiep yn it Noarden fuortendaliks skorst. De bedriuwen, dêr't skiep hinne brocht wurde foardat se nei it slachthûs geane, hawwe regels oertreden. Sa binne de skiep fanút it sammelsintrum nei in oar sammelpunt brocht en net streekrjocht nei de slacht. Dat is tsjin de previnsjeregels, dy't opsteld binne om sykten foar te kommen.

Ek wie it papierwurk fan de twa sammelsintra net yn oarder.

As de bedriuwen oantoane kinne dat se de boel wer op 'e rit hawwe, kinne se de fergunning wer werom krije. Der binne yn Fryslân fjouwer feesammelplakken. De NVWA lit it oan de belutsen bedriuwen sels oer om harren klanten te melden dat se tydlik gjin fee ûnderbringe meie.

NVWA ferklearring

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)