NVU-foarman Kusters: Sluiter bedriuwt 'bangeriken-politiek'

27 okt 2015 - 19:02

De Nederlandse Volksunie ferwyt boargemaster Roel Sluiter fan Harns 'bangeriken-politiek'. Dat seit NVU-foarman Constant Kusters nei oanlieding fan it beslút fan Sluiter om de ynformaasjegearkomste oer flechtlingen fan tiisdeitejûn net trochgean te litten. De boargemaster is benaud dat leden fan de NVU de jûn fersteure soene.

Neffens Kusters is dat net it gefal. "Wij zijn alleen maar aanwezig om onze mening te laten horen en dat gaat soms gepaard met emoties", sa lit de lieder fan de NVU witte.

Kusters seit dat de NVU yn in soad plakken yn Nederlân besykje sil om opfang fan asylsikers te kearen. Yn Harns wurdt yn novimber in nije byienkomst foar allinnich Harnzers hâlden. Dêr sille ek sympatisanten fan de NVU op ôf komme om te protestearjen, seit Kusters. "De burgemeester van Harlingen houdt ons niet tegen. Dat lukt hem niet." It COA fynt it spitich dat de gearkomste net trochgiet. "Wij hadden graag uitleg willen geven over onze plannen en onze rol bij de opvang van vluchtelingen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)