NVM Fryslân wol takom jier wer in wenoffinsyf

30 apr 2015 - 17:09
  • Deputearre Hans Konst by it wenoffinsyf yn april dit jier
  • De famylje Oppenhuizen hat harren hûs ferkocht

Der moat ek takom jier wer in wenoffinsyf komme. Dy oprop docht Albrecht Kok, foarsitter fan makelersferiening NVM Fryslân. De wenningmerk sit wer yn 'e lift, mar in nij wenoffinsyf soe ek goeie gefolgen ha kinne foar oare partijen lykas ûndernimmers. Tongersdei wie de lêste dei fan it wenoffinsyf fan dit jier. De eksakte ferkeapsifers fan dizze perioade binne noch net dúdlik, mar de belutsenen hâlde der in posityf gefoel oan oer.

Ek deputearre Hans Konst fynt dat it nije kolleezje neitinke moat oer in ferfolch yn 2016. "As de fraach der komt fanút it bedriuwslibben, moat je de útstutsen hân oannimme en der wat moais fan meitsje", sa sei deputearre Konst. It wenoffinsyf rûn dit jier fan 28 maart oant en mei 30 april. It is de twadde kear dat it inisjatyf holden is. De start fan it wenoffinsyf wie op 28 maart by de famylje Oppenhuizen, om't harren hûs al twa jier te keap stie. Foar de famylje Oppenhuizen hat it wenoffinsyf fertuten dien. It hûs is ferkocht

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)