NVM: "Ferleging maksimale hypoteek min foar huzemerk"

19 jun 2015 - 09:56
  • Foarsitter Albrecht Kok fan NVM-Fryslân

Makeldersferiening NVM is poer tsjin de plannen fan De Nederlandse Bank om de maksimale hypoteek fan in hûs ta 90 % fan de wearde te beheinen. No meie huzekeapers noch 103 % fan de wearde fan liene en dat wurdt yn 2018 100 prosint. Mar de DNB wol noch fierder gean en de grins nei ûnderen bystelle op 90 prosint. Dat is mear yn line mei oare lannen om ús hinne, sa is it argumint.

De NVM is lykwols benaud dat it foarsichtige herstel fan de huzemerk hjirmei wer weromdraaid wurdt. Dat seit foarsitter Kok fan de NVM-ôfdieling Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)